Frou (80) berôve yn Drachten

28 jun 2014 - 10:24
  • Plysje

In 80-jierrige frou út Drachten is freedtemiddei yn de Oasterstrjitte yn har wenplak fan har tas berôve. By it pinnen yn in winkel stiene twa jonge froulju hiel ticht by de frou. Bûtendoar die se har tas yn de fytstas. Doe't se thúskaam, die bliken dat har tas stellen wie.

De frou blokkearre fia de bank fuortendalik har pinpas. It is noch net bekend oft der pind is mei de bankpas. De plysje docht ûndersyk nei de identiteit fan de twa fertochten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)