Frou (76) berôve yn Ljouwert

20 aug 2013 - 15:40
  • Taskedief

In frou fan 76 jier út Ljouwert is fan 'e moarn slachtoffer wurden fan strjitrôf. Se waard troch in ûnbekende man yn it gesicht slein. Dêrnei naaide de man út mei har beurs. De plysje is in burgernetaksje begûn nei de berôving. It giet om in blanke man fan tusken de 25 en 30 jier. Hy is goed 1 meter 70 lang, hat donkerblond hier en hie donkere klean oan. Hy ried op in donkere fyts mei in saneamd triatlonstjoer. De berôving wie fan 'e moarn tsjin healwei njoggenen hinne op de Kanadezeleane. De plysje hat se saak noch yn ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)