Frou (75) berôve yn eigen hûs

14 nov 2013 - 10:09
  • De Wythústerwei yn Stiens

In 75-jierrige frou út Stiens is woansdeitenacht berôve yn har eigen hûs oan de Wythústerwei. De frou skrok wekker en trof in ûnbekende man oan yn har hûs. De man naam sieraden mei. Nei de melding hat de plysje fuortendaliks mei in speurhûn nei de fertochte socht en in Boargernetaksje opset. De man waard lykwols net fûn.

De fertochte is in lange, Dútsk pratende man mei swarte klean oan. De plysje is tongersdeitemoarn fierder gien mei it ûndersyk.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)