Frou (73) rekket ferwûne by ûngelok Koudum

18 aug 2015 - 13:37

By in ûngelok op de Nijewei yn Koudum is moandeitemiddei in frou fan 73 jier út de gemeente Súdwest-Fyrslân ferwûne rekke. De frou botste mei har auto op dy fan in 22-jierrige ynwenner fan Koudum. Wêrtroch wurdt noch troch de plysje ûndersocht.

De frou is mei ferwûnings oan de skonk nei it sikehûs brocht. De oare bestjoerder rekke net ferwûne.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)