Frou (70) ferwûne nei oanriding yn Drachten

08 jan 2015 - 10:13

In frou fan 70 jier út Drachten is woansdeitemoarn ferwûne rekke oan har skonk doe't se oanriden waard op de Súdkade yn har wenplak. It slachtoffer siet op de fyts en waard skept troch in 56-jierrige automobiliste út Drachten.

De bestjoerster ferklearre dat se ferbline waard troch de leechsteande sinne en de 70-jierrige fytster net sjoen hie. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)