Frou (41) út auto slingere

31 okt 2005 - 10:49

In 41-jierrige frou fan De Harkema is sneon ferwûne rekke doe't se in frjemde smak makke mei har auto. Se ried op de betonwei yn de rjochting fan Droegeham doe't se op de linkerbaan telâne kaam. Omdat dêr in ferheging sit, waard de auto in ein de loft ynsketten.

Dêrby rekke de auto in lantearnpeal, wêrnei de auto oer de paralleldyk skeat en frontaal in beam rekke. De frou waard út de auto slingere. Se rûn dêrby allinnich rêchklachten op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)