Frou (24) ferwûne by bushalte

01 apr 2006 - 14:59

In frou fan 24 jier út Frjentsjer is freedtemiddei ferwûne rekke by in ûngelok yn har wenplak. De frou stie by in bushalte te wachtsjen doe't har buskaart fuortwaaide. De frou rûn de dyk op om de kaart te pakken, mar op dat stuit kaam der krekt in auto oan.

De bestjoerder koe de frou net mear ûntwike. It slachtoffer waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. Se hat nei alle gedachten in skonk brutsen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)