Frou (23) mishannelet buorfrou

22 okt 2013 - 15:21
  • Plysje-embleem

In 23-jierrige frou út Frjentsjer is snein yn har wenning oanholden foar mishanneling fan de buorfrou. De frou mishannele har buertgenoate doe't dy oan de doar kaam om te freegjen oft it wat stiller koe. It slachtoffer koe fuortkomme en belle de plysje.

By har oanhâlding fersette de 23-jierrige har bot en skopte, beflibe en bedrige se de plysje. De frou sit fêst yn ôfwachting fan it ûndersyk. De buorfrou likegoed as de plysje hawwe oanjefte dien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)