Froskepôle wer tagonklik

04 jul 2009 - 10:09

De plysje hat rekreaasjegebiet Froskepôle oan 'e súdkant fan Ljouwert sneontemoarn wer frijjûn. Freedtemoarn waard it gebiet ôfset fanwege de fynst fan in skedel. Dy waard tongersdeitejûn fûn troch in stel skoalbern dy't yn it gebiet in sliepfeestje hiene.

De plysje hat yn it gebiet socht nei mear lichemsdielen. Oft dy ek fûn binne is noch net bekend makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)