Froonackershow giet troch

07 nov 2005 - 14:52

De Froonackershow, in plomfeeshow dy't begjin desimber hâlden wurdt yn Frjentsjer, giet foarearst gewoan troch. De organisatoaren gean der fanút dat se in ûntheffing krije fan it eksposysjeferbod dat jildt foar plomfee fanwege de fûgelgryp. Dy ûntheffing is yntusken oanfrege.

Omdat der ûndúdlikheid is oer it trochgean fan de show, falt it tal dielnimmers ôf. De ynskriuwtermyn is derôm ferlingd oant 15 novimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)