Froome start yn Surhústerfean

15 jul 2013 - 14:01
  • Profronde

De nûmer ien yn de Tour de France, Chris Froome, docht op 30 july mei oan de Ronde fan Surhústerfean. Dat hat Andries Nieuwenhuis fan de organisaasje befêstige. Njonken de Profronde sil de hurdfytser fan de Sky-ploech ek de kriteariums van Stiphout en Etten-Leur ride. Dêrnjonken komt Froome ek yn de Belgyske plakken Aalst, Ninove, Sint-Niklaas en Antwerpen oan de start.

De komst fan Froome nei Surhústerfean is moandei op de twadde rêstdei yn de Tour de France rûn makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)