Frontale botsing yn Ljouwert

14 okt 2014 - 20:08

De bestjoerder fan in auto dy't tiisdeitejûn in ûngelok feroarsake yn Ljouwert, is oanhâlden omdat hy noch tûzenen euro's oan boetes iepenstean hie. De man ried op de Lekkumerwei doe't er yn in bocht yn de slip rekke. Hy koe noch krekt in pear parkearde auto's ûntwike, mar net in auto dy't oanriden kaam. In frontale botsing wie it gefolch.

De bestjoerder fan de auto dy't út de bocht fleach rekke ferwûne. De oare bestjoerder kaam mei de skrik frij.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)