Frontale botsing by Raerd

22 aug 2014 - 08:25
  • Ungelok by Reard

Op de N354 tusken Snits en Ljouwert binne freedtemoarn twa auto's frontaal op elkoar botst. De brânwacht hat ien persoan út de auto helje moatten. De bestjoerders fan beide auto's binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht.

It ûngelok barde yn in bocht by Raerd. De 22-jierrige automobilist út Noardburgum dy't yn de rjochting fan Ljouwert ried, ferlear de macht oer it stjoer en botste frontaal op in tsjinlizzer, in 57-jierrige Snitser. Troch it ûngelok wie de dyk in skoft ticht foar it ferkear. Dat moast oer de paralleldyk ride.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)