Frontale botsing op de Litswei by De Rottefalle

09 jul 2015 - 20:53
  • Frontale botsing

By in ûngelok op de Litswei by De Rottefalle binne tongersdeitejûn fjouwer minsken ferwûne rekke, wêrfan ien slim. Op de krusing mei de Ambachtloane ferliende in 78-jierrige automobilist nei alle gedachten gjin foarrang oan in auto mei in 18-jierrige frou út Droegeham achter it stjoer. De beide bestjoerders en twa ynsittenden rekken ferwûne. In 17-jierrige ynsittende moast nei it UMCG yn Grins. De 78-jierrige man koe nei behanneling yn it sikehûs wer nei hûs. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)