Frontale botsing Nijeberkeap

18 nov 2013 - 10:12

In 74-jierrige frou út Drinte is sneintejûn ferwûne rekke by in oanriding by Nijeberkeap. De auto fan har 75-jierrige partner kaam dêr op de linker helte fan de Bovenweg telâne. Dêr skampte er earst yn de mjitte kommende auto mei oanhingkarre. Dêrnei botste er frontaal op in oare auto.

De 22-jierrige bestjoerder fan dy auto út Wolvegea rekke net ferwûne. De 75-jierrige bestjoerder fan de auto dy't de botsing feroarsake, ek net. Inkeld syn 74-jierrige passazjiere út Nieuw Weerdinge rûn ferwûnings op by de botsing.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)