Frontale botsing by Koarnjum

16 feb 2013 - 08:04
  • Frontale botsing op de Brédyk by Koarnjum

By in frontale botsing op de Brédyk by Koarnjum binne freedtejûn trije minsken ferwûne rekke. In 21-jierrige automobiliste út Britsum wie mei har auto troch noch ûnbekende oarsaak op de ferkearde helte fan de dyk kommen. Dêr botste se frontaal op in auto fan in 57-jierrige ynwenner fan Stiens.

De brânwacht moast de 21-jierrige frou út de auto befrije. De man út Stiens en syn frou rekken ek ferwûne. Alle slachtoffers binne mei de ambulânse nei it sikehús brocht.

De plysje hat de dyk tusken Ljouwert en Stiens folslein ôfsletten, sadat de helptsjinsten harren wurk goed dwaan koene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)