Frontale botsing by Doanjum

14 sep 2014 - 09:42

By in frontale botsing tusken twa auto's op de Tsjommearummerdyk by Doanjum binne sneintemoarn trije persoanen ferwûne rekke. In bestjoerder út It Bilt (47) wie yn sliep fallen en op de ferkearde helte fan de dyk frontaal yn botsing kaam mei in 22-jierrige man út Frjentsjerteradiel.

De 22-jierrige bedarre mei de auto yn in droege sleat. Hy kaam fêst te sitten en is mei swier letsel nei it sikehûs brocht. De 47-jierrige en syn soan rekken ek ferwûne. Sy binne mei ûnbekende ferwûnings nei it sikehûs brocht. Beide auto’s hiene grutte skea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)