Froeks siket Frysk topmodel

09 okt 2008 - 20:06

De Fryske jongereinsite Froeks.tv sil op syk nei de nije Doutzen Kroes. Yn it ynternettelevyzjeprogramma Fryslân's Next Topmodel strúnt in kameraploech fan Froeks de kommende wiken it Fryske útgeanslibben ôf op syk nei moaie famkes.

Op 6 desimber is der dan de grutte finale yn diskoteek The Dance Factory yn Berltsum. De winner fan Fryslân's Next Topmodel wurdt it nije gesicht fan Froeks en wint in profesjonele fotoshoot.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)