Froastskea Beursplein oanpakt

18 apr 2013 - 15:33
  • De dyk op it Beursplein

De grutte gatten yn de dyk op it Beursplein yn it sintrum fan Ljouwert wurde no snein wer makke. De dyk is dêrtroch fan moarns sân oer oant op syn heechst fjouwer oere middeis ticht foar it autoferkear. De gatten binne ûntstien troch de lange froastperioade. De boppeste laach asfalt wurdt der snein ôfhelle, sadat it gehiel wer egaal is. Letter dit jier, yn juny, wurdt in nije deklaach oanbrocht.

De parkeargaraazje is berikber oer de Willemskade. Der is in omliedingsrûte, dy't mei buorden oanjûn is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)