.frl ek yn gebrûk yn Ostfriesland yn Dútslân

07 mrt 2016 - 21:51
  • By de lansearring fan .frl

De .frl-ekstinsje op ynternet wurdt net allinnich brûkt troch Fryske bedriuwen en ynstellingen, ek yn Dútslân hawwe se it bysûndere ynternetadres ûntdutsen. Sa brûkt it Dútske bedriuw 37 media de Fryske ynternetútgong. Fia 37media.frl komme besikers op in Dútsktalige webside fan it bedriuw.

FNP-steatelid Sybren Posthumus neamt op Twitter it gebrûk fan .frl yn Dútslân in trochbraak. In part fan it noarden fan Dútslân stiet bekend as Eastfryslân. It bedriuw 37media komt ek út dy omkriten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)