Frjentsjerteradiel yn 'e plus

20 mrt 2009 - 09:22

De gemeente Frjentsjerteradiel hâldt oer 2008 hast trije miljoen euro oer. It oerskot komt foar in part troch tafallers. Fierder stelt de gemeente de strakke begruttingen op en wurdt dêr ek strang de hân oan hâlden.

In tal jierren lyn stie Frjentsjerteradiel noch in skoft ûnder tafersjoch fan 'e provinsje, omdat de gemeente de saken finansjeel net goed foarinoar hie. In grut part fan it jild dat oerhâlden is, wurdt stutsen yn it opknappen fan kademuorren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)