Frjentsjerteradiel praat oer needopfang yn hotel De Valk

08 feb 2016 - 23:42
  • It leeechsteande hotel De Valk yn Frjentsjer dat earder fallyt gie

De ried fan Frjentsjerteradiel praat tongersdei oer de festiging fan in needopfang foar flechtlingen yn hotel De Valk yn Frjentsjer. It giet om maksimaal 200 minsken dy't dêr uterlik twa jier lang in plak krije moatte.

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders stimde earder al yn mei de komst. By omwenners fan it hotel is der in soad ferset, benammen by fersoargingshûs De Froonacker dat neist it hotel stiet. De gemeente ferwachtet in soad publike belangstelling. 

As de seal fol is, wurde gjin minsken mear yn it gemeentehûs talitten. De gearkomste fan de gemeenteried is dan te folgjen fia ynternet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)