Frjentsjerter ûnderskieden

10 apr 2011 - 09:19

De 71-jierrige Johannes Dijkstra fan Skalsum is sneon keninklik ûnderskieden foar syn ynset foar tal fan organisaasjes yn Frjentsjer. Dijkstra set him sûnt 1986 yn foar de PC, dêr't er fise-foarsitter fan is. Fierder is er aktyf by de Rotary, de stifting Vrienden van het Planetarium en de Stifting Coba de Groot.

Dijkstra is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje Nassau. Hyj krige it lintsje sneon opspjelde op in byienkomst yn Harns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)