Frjentsjerter skoalorkest oefenet foar keninginne Máxima

09 jun 2015 - 13:34
  • It skoalorkest fan basisskoalle De Toermalijn is fanatyk oan it oefenjen...

De bern fan it skoalorkest fan basiskoalle de Toermalijn út Frjentsjer hawwe tiisdei foar it lêst repetearre foar it grutte muzykkonsert fan woansdei. Dan sille de bern optrede foar Keninginne Máxima yn de Jaarbeurs yn Utert. Mei noch sa'n 3.000 oare bern út it hiele lân dogge sy mei oan in projekt fan it Oranjefonds 'Kinderen maken Muziek'.

It doel is om mei safolle mooglik bern muzyk te meitsjen. Ek twa skoalorkesten fan basisskoalle De Korendrager út Frjentsjer en CBS Steatlânsskoalle fan Tsjom dogge oan yn it konsert mei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)