Frjentsjerter oanhâlden foar oplichting mei seksadvertinsjes

11 aug 2015 - 16:26

In 28-jierrige man út Frjentsjerteradiel is oanhâlden foar oplichting mei seksadvertinsjes. Hy hie op ynternet advertinsjes stean foar kontakt mei minderjierrige famkes.

De manlju dy't reagearren en in seksôfspraak makken moasten betelje, mar de famkes bestiene net. De plysje hat it mailkontakt tusken de man en syn klanten yn beslach naam. Hoefolle minsken op de advertinsje reagearre hawwe, is noch ûndúdlik.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)