Frjentsjerter komt om yn R'dam

30 nov 2006 - 12:54

In 34-jierrige man út Frjentsjer is woansdeitejûn om it libben kommen by in auto-ûngelok yn Rotterdam-Súd. De man kaam op de Botlekwei frontaal yn botsing mei in man út Heenvliet, dy't op de ferkearde helte fan de wei bedarre wie. Dat hat de plysje fan Rotterdam tongersdei bekend makke.

Beide bestjoerders moasten út harren auto seage wurde. De autobestjoerder út Frjentsjer ferstoar ûnderweis nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)