Frjentsjerter frou wurdt net betelle: koart pleit tsjin SVB

02 jun 2015 - 12:13

In frou út Frjentsjer spant in koart pleit oan tsjin de Sosjale Fersekeringsbank. De soarchferlienster hat al in healjier lang hast neat útbetelle krigen yn ferbân mei de problemen mei de útbetelling fan de PGB's. Fan de 5000 euro dêr't se rjocht op hat, hat se noch mar 875 krigen. De frou sit dêrtroch yn grutte finansjele problemen.

Advokatekantoar Rotshuizen Geense út Ljouwert docht de rjochtsaak, dat no freed yn Amsterdam tsjinnet. De frou seit dat se har iensum fielt en har skammet om't se sa net mear goed foar har bern soargje kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)