Frjentsjerter bosk foar grut part kapt

21 nov 2014 - 18:40

Ald-minister Braks en wethâlder Bekkema fan Frjentsjerteradiel hawwe freed it offisjele startsein jûn foar it kappen fan in grut part fan it Frjentsjerter bosk. Braks wie 28 jier ferlyn minsiter fan lânbou en yn dy funksje plante hy doe de earste beam fan it bosk. Yn de kommende trije wiken wurdt de helte fan it bosk mei grut materieel omhelle.

De beammen steane te ticht op mekoar. Der binne in soad minsken dy't fine dat dit te rigoereus giet en wolle dat alle jierren in stikje kapt wurdt. Mar dat is gjin opsje, sizze de saakkundigen.

It hout wurdt fersnippere en dêrmei wurde ynkoarten gebouwen, lykas swimbad Bloemketerp yn Frjentsjer, waarm stookt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)