Frjentsjer'diel hat city-app

03 jan 2013 - 12:22
  • Gemeentehûs Frjentsjerteradiel

Frjentsjerteradiel is de earste Fryske gemeente mei in city-app. It programmaatsje is fergees te downloaden foar brûkers fan de Iphone en de Ipad. De minsken mei in Android telefoan moatte noch efkes wachtsje. De gemeente en it bedriuwslibben fan Frjentstjerteradiel ynvestearren yn de app omdat der gjin VVV mear yn de stêd is. Toeristen kinne no alles te witten komme fia de telefoan. De app is ferdield yn kategoryen, lykas ûnder oare hotels, musea en eveneminten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)