Frjentsjer yn de besnijing fan Noardske bosksjonger

30 okt 2015 - 12:55
  • Grutte kamera's om de fûgel op de foto te setten

De Noardske bosksjonger hâldt no al dagen de fûgelleafhawwers út it hiele lân yn de besnijing. It lytse fûgeltsje út Siberië oerwinteret gewoanwei yn India, mar in ferdwaald eksimplaar sit no yn Frjentsjer.

Tsientallen fotografen hawwe it fûgeltsje al op de foto set. Neffens Toy Janssen fan Dutch Birding is it bysûnder dat it fûgeltsje hjir is, sûnt 1935 is der 24 kear in Noardske bosksjonger yn Nederlân signalearre.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)