Frjentsjer wol prate oer fúzje

07 jul 2011 - 15:44

Der moat sa gau mooglik praat wurde oer in nije fúzjegemeente yn Noardwest-Fryslân. Dat seit boargemaster Fred Veenstra fan Frjentsjerteradiel. Woansdei hat in grutte mearderheid fan de gemeenteried sein dat in gearwurking ûndersocht wurde moat. Allinnich de ChristenUnie wie tsjin.

Boargemaster Fred Veenstra wol dêrom fuort nei de simmer yn petear mei de gemeenten Harns, Littenseradiel, Menameradiel en It Bilt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)