Frjentsjer wint Jong Nederlân

05 jul 2014 - 17:26
  • It partoer fan Frjentsjer wie út de skroeven

Kars Zeinstra, Allard Hoekstra en Jan Schurer fan Frjentsjer binne de nije Nederlânsk kampioen by de junioarekeatsers. Yn Tsjummearum wie it trijetal sneon mei 5-3 en 6-2 te sterk foar Minnertsgea mei Herre de Vries, Marten Pieter Bergsma en Hendrik Kootstra.

De lytse preemje wie foar Jelmer van der Meer, Ramon Hoogerhuis en Willem Heeringa fan Tsjummearum, dy't yn de heale finale mei 5-1 en 6-0 ûnderút gongen tsjin Minnertsgea. Sint Anne, de winner fan de ôfrûne trije edysjes, ferlear yn de tredde omloop mei 5-3 en 6-2 fan Frjentsjer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)