Frjentsjer wettersportstêd

07 apr 2014 - 23:14

Frjentsjer moat de kommende tiid feroarje yn in echte wettersportstêd. De gemeente en de provinsje ha dêr moandeitejûn har hentekening foar set. Yn de oerienkomst 'Franeker Waddenpoort' stean tal fan maatregels dy't de kommende twa jier útfierd wurde.

Sa komt der in nije stasjonsbrêge en wurdt it mooglik om aanst mei in boat fanút it Van Harinxmakanaal lâns it Bolwurk op de Noardlike Alvestêderûte te kommen. It folsleine projekt kostet goed 20 miljoen euro en moat ein 2015 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)