Frjentsjer treedt op tsjin poker

06 okt 2006 - 17:06

De gemeente Frjentsjerteradiel treedt op tsjin it organisearjen fan pokertoernoaien yn iepenbiere gelegenheden. Dat hat boargemaster Marian Haveman dizze wike alle kafees wite litten.

Poker is op it stuit ôfgryslik populêr yn Nederlân. Mar allinnich Holland Casino hat in fergunning om iepenbiere toernoaien te organisearjen. Yn Frjentsjer ha al ferskate toernoaien west.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)