Frjentsjer rout nei stekpartij

21 jul 2002 - 00:00

Yn Frjentsjer is de deadlike stekpartij fan sneon hurd oankommen. Yn 'e kafees lizze kondoleânseregisters en oan 'e gevels hingje swarte linten. De plysje wurket mei 10 resjersjeurs oan de saak.

It deadlike slachtoffer, in frou fan 35 jier, is troffen troch meardere messtekken, sa docht bliken út it seksjerapport. Twa oare slachtoffers lizze noch yn it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)