Frjentsjer op 'e fingers tikke

31 aug 2000 - 10:25

De gemeente Frjentsjerteradiel moat de proseduere foar it bestimmingsplan bûtengebiet foar in part op 'e nij dwaan. Yn it plan is in part fan de nije rûnwei fêstlein, mar de oanlis dêrfan sil gjin fertraging oprinne.

De gemeente hat in flater makke yn 'e proseduere en de Raad van State hat bepaald dat dy nochris neirûn wurde moat. It giet om de 2e fase fan it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)