Frjentsjer krijt dochs rûnwei

07 des 2007 - 17:10

It hat efkes duorre, mar freed is der in begjin makke mei de oanlis fan de súdlike rûnwei fan Frjentsjer. De brêge oer it Van Harinxmakanaal dy't dy rûnwei mooglik meitsje moast leit der al jierren, mar dêr bleau it by. Nei de brêge moast de rûnwei nammentlik oer it spoar.

Der wie fanút gien dat de dyk dêr gewoan mei in spoarwei-oergong oerhinne koe, mar regeljouwing fan it ryk ferbea dat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)