Frjentsjer hat der mei teekoepel in pronkstik by

14 nov 2014 - 19:49
  • De opknapte teekoepel yn Frjentsjer
  • Yn de teekoepel
  • De teekoepel foar de opknapbeurt

De Stichting Bouwcultuurfonds bestiet 25 jier en fierde dat freed mei tal fan aktiviteiten yn de provinsje. Under oaren mei de oplevering fan in teekoepel yn Frjentsjer. It is in Ryksmonumint út 1880, dat yn 1900 yn hannen fan it psychiatrysk sikehûs kaam. Troch de jierren hinne rekke it prieel fertutearze. De famylje Roorda kocht it koartlyn fan de GGZ en no is it opknapt. Yn it Bouwcultuurfonds sit jild fan de Fryske oannimmers. Fan de rinte wurdt elts jier sa'n 30.000 euro bestege oan restauraasjeprojekten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)