Frjentsjer: besunigje op amtners

23 jan 2004 - 00:00

De ried fan Frjentsjerteradiel wol yngripend besunigje op de amtlike organisaasje. Dat hat de ried tongersdei útsprutsen. De gemeente moat 1,5 miljoen euro yn 't jier besunigje. It kolleezje woe dêrom alle subsydzjes fan ferienings en ynstellings skrasse, mar dat wol de gemeenteried net.

Wethâlder Miedema warskôge de ried dat besunigje op amtners pas op langere termyn jild opsmyt, fanwege de wachtjildregeling foar amtners.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)