Frjenstjerter bosk flink ûnder hannen naam

23 des 2014 - 14:58
  • Keale flakte yn it bosk fan Frjentsjer

Der wurdt hurd wurke om it Frjentsjerter bosk wer by de tiid te krijen. Der is tritich jier neat oan it bosk dien en dêrtroch is it fierstente ticht wurden. Grutte masines seagje de helte fan de beammen om, dy't dêrnei yn de fersnipperaar ferdwine. De houtsnippers wurde opstookt om der gebouwen mei te ferwaarmjen.

Op guon plakken yn de bosk wurde op 'e nij beammen oanplante, mar op de measte plakken bliuwt it leech. Sa krije de beammen mear ljocht en romte. De kuierders fine it lykwols neat, want it waait no ek folle hurder yn it bosk.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)