Frjemde otters yn Alde Feanen

12 jun 2013 - 17:01
  • Otter yn Aqua Zoo

De behearders fan it Fryske Gea binne fernuvere oer de útkomsten fan in grut ûndersyk nei otters. Hjirút blykt dat der fiif 'frjemde' otters yn de Alde Feanen sitte. Alle seis yn it Nasjonale Park útsette otters binne fuort. Hielendal wis is dit noch net. It is wol wis dat der jonge otters yn de Alde Feanen berne binne. Foar it ûndersyk is út it hiele lân otterstront sammele om it DNA fêst te stellen.

Ut it ûndersyk blykt fierder dat 29 fan de hast 100 Nederlânske otters yn Fryslân omswalkje. It binne der nei alle gedachten noch wat mear.

Net fan eltse otter is stront fûn en opstjoerd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)