Frjemde fûgel op gymnasium

14 apr 2014 - 17:29
  • Pappegaai sit te sliepen op in fytsstjoer

Op it Piter Jelles gymnasium yn Ljouwert stienen learlingen moandei efkes flink mei de eagen te knipperjen. Op it stjoer fan in fyts op it skoalplein siet nammentlik in kleurige pappegaai te sliepen. Joost Klein en Myrdden Hammer bellen de diereambulânse om nei it bistke te sjen.

De jonges tinke dat de pappegaai ûntsnapt is by ien fan de buorlju en ûnderwilens lekker fan it sintsje siet te genietsjen. De diereambulânse yn Ljouwert hat it bist ophelle. Minsken dy't harren pappegaai misse kinne belje nei de diereambulânse op 0900 46363.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)