Frjemde flokken haven Burgum

29 jan 2011 - 11:06
  • (foto Pieter Swart)

Yn de haven fan it rekreaasjesintrum by Burgum lizze frjemde iisflokken. In kampinggast seach it. Sy hearde ek in frjemd knisperjend lûd. Sy frege de buorman en ek de kampingeigner, mar wat it wie koene se net efterhelje.

Yntusken binne de flokken wat mear oanelkoar fêstferzen. Waarman Paulusma hat in filmke sjoen fan de flokken, mar hat gjin ferklearring. It soe om grûniis gean dat omheech komt, mar by hurde eastewyn kin it gjin iislaach foarmje om't it wetter tefolle beweecht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)