Fritz Korbach betellet boete

31 maaie 2006 - 11:19

Ald-fuotbaltrener Fritz Korbach hat foarkommen dat hy him tiisdei foar de rjochtbank ferantwurdzje moast foar it stellen fan in pakje rosbyf. Korbach hat oanjûn dat hy de earder opleine boete fan 130 euro betelje sil. Justysje hat de saak dêrom ynlutsen.

De âld-trener fan Cambuur en Hearrenfean soe op 25 maart it fleis yn 'e bûse stutsen ha yn in Ljouwerter supermerk. Neffens eigen sizzen soe er dat sûnder euvelmoed dien ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)