Frisse Wind wol opsjitte

24 mrt 2010 - 21:54
  • In nij kolleezje is yn Harns noch net yn sicht

De Frisse Wind partij yn Harns wol gau petearen fiere mei D'66,GrienLinks, SP en Harlinger Belang oer it foarmjen fan in koalysje. Ynformateur Jan Streefkerk advisearre woansdei in minderheidskolleezje fan PvdA, VVD, CDA en ChristenUnie. Meielkoar ha se acht fan de santjin riedsitten, mar Kuiken fan de PvdA fynt de útkomst teloarstellend.

Frisse Wind wie de winner fan de ferkiezings en mei fan de PvdA besykje in mearderheidskolleezje te foarmjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)