Frisse Wind hâldt fertrouwen

07 okt 2010 - 17:01

No't de provinsje in nije miljeufergunning ôfjûn hat, liket neat de nije ôffaloven fan Omrin noch yn 't paad te stean. De missy fan de Harnzer partij Frisse Wind om de bou tsjin te hâlden, liket dan ek mislearre. Dochs hat dy partij der noch altyd fertrouwen yn de oven keare te kinnen.

Frisse Wind wie de grutte winner by de riedsferkiezings fan ôfrûne maart. Mei de belofte de bou fan de ôffaloven tsjin te hâlden, lutsen se in soad kiezers.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)