'Frisse Wind is amateuristysk'

31 jul 2012 - 21:07

It bestjoer fan de lokale politike partij 'Frisse Wind Harlingen' hat gjin inkeld betrouwen mear yn de eigen fraksje yn de gemeenteried. Dy fraksje docht net serieus oan polityk en is amateuristysk. Dat skriuw it bestjoer dizze wike yn in ynstjoerd stik yn de Harnzer Krante. Oanlieding is it útelkoar fallen fan de koälysje yn Harns, dêr't ek Frisse Wind ynsiet. Yn septimber folget noch in ledegearkomste oer de ynterne striid, mar de kâns dat it goedkomt is lyts. Neffens bestjoerslid Wildeboer is der al moannen gjin kontakt mear mei de fraksje

Oer it útelkoar fallen fan de koälysje wie ek gjin kontakt mei it bestjoer. It bestjoer wol hjir dan ek net op oansprutsen wurde, troch de leden of de kiezers. Fraksjefoarsitter Jennifer Steevensz wie tiisdei net te berikken foar kommentaar.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)