Frisse dûk yn it nije jier

02 jan 2006 - 10:07

Nijjiersdei is tradisjoneel de dei om de famylje op te sykjen en út te rêsten fan it feest yn de nacht derfoar. Dochs binne der ek alle jierren wer minsken dy't leaver in frisse dûk nimme, in saneamde nijjiersdûk.

Inkelde hûnderten minsken yn ús provinsje gongen sneintemoarn it wetter yn, faak foar it goede doel. Sa wiene der nijjiersdûken yn Ljouwert, De Pein, Langwar, Boerum en op it Amelân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)