Friso út Snits bout nij ûnderwiisgebou fan de RUG

25 apr 2015 - 07:40

De boubedriuwen Friso út Snits en Koopmans út Enschede meie tegearre it nije ûnderwiisgebou 'Energy Academy Europe' fan de Ryksuniversiteit yn Grins bouwe. Dêr wurdt tenei ûndersyk dien nei duorsume enerzjy.

It gebou sels moat duorsum wurde en sels mear enerzjy opwekke as dat it ferbrûkt. De Energy Academy komt op it Zernike-kompleks fan de Ryksuniversiteit yn Grins te stean en moat yn de simmer fan 2016 klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)