Friso mei De Lawei ôfbouwe

17 des 2014 - 09:46

Friso Bougroep mei definityf skouboarch De Lawei yn Dracht ôfbouwe. Njonken Friso wie earder ek Dijkstra-Draisma yn de race, mar dy hat besletten om gjin beswier te meitsjen tsjin de gunning oan Friso. Dêrtroch kin de bouwer yn jannewaris los mei de ôfbou fan it teater. It giet om de middenseal, lesromtes, de lytse seal en de Rutger Hauerseal.

It eardere boubedriuw Van Norel foldie neffens De Lawei net oan de easken. It kontrakt waard opsein. It wurk hat dêrnei moannen lang stil lein. De grutte seal wie earder klear en wurdt al brûkt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)